(tekst & muzyk © Yeb Boersma-12/2010)
Wy binne jonge hûnen, wy binne net te hâlden
Wy klimme nei de dakken fan de wrâld
Al is de bealch net strak mear en wurd′ ús koppen grizer
wy fiele ús by lange nei net âld
As mannen fan de flakte begjint ús bloed te sieren
by elke bult dy′t foar ús tsjil opriist
it hillich fjoer wurdt oppookt, it hert makket in sprongkje
sa gau′t de dyk ús rjochting himel wiist
Mei trije blêden foar, in blok fan njoggen achter
wy skeakelje omraak fan grut nei lyts
Campagnolo of Shimano, wy kin′ der lang oer stinne
wy wolle ′t bêste ark ha foar ús fyts
Wy kinne de profilen fan al dy steile bergen,
se dûnsje as guirlandes foar ús geast
Wy dreame alle bochten fan de Alpe d′Huez
en de Mont Ventoux fan noard en súd en east
wy stampe op de trapers, wy triuwe ús omheech
wy skeakelje noch lytser, dit skowen is sa dreech
wy moatte bealgjen bliuwe op paad nei it dak
elke bocht belooft moai útsicht ..
of in lekker stikje flak
Meterke foar meterke bedwinge wy de berch
It lânskip glidet stadich by ús del
Wy nimme bochten rommer om it steilste paad te mijen
in fytser dy′t al daalt makket ús kjel
Wy happe nei de siken as fisken op it droege
ús kiel dy brânt en hat de smaak fan bloed
It swit byt yn ús eagen, it gjalpt yn sâlte streamen
mar jonge hûnen dy ferlieze noait de moed
Wy hymje en wy pûste, wy smûge as in smoker
gjin siken mear foar kôgjen op in reep
′t Is krekt as kleeft it asfalt en lûkt men oan ús fytsen
as it Kypmantsje mei hieltyd swier′dre sleep
De spieren stean′ op knappen, de macht dy êbet fuort
wy krije ′t lytst fersetsje hast net rûn
wy swalkje as in skip dat hieltyd mar oerstaach giet
pas boppe mei de foet wer oan ′e grûn
wy stampe op de trapers, wy triuwe ús omheech
wy skeakelje noch lytser, dit skowen is sa dreech
wy moatte bealgjen bliuwe op paad nei it dak
elke bocht belooft moai útsicht ..
of in lekker stikje flak
Wy stammerje wat wurdsjes, wy huffe op de skouders
wy steane dwyl te triljen op de top
Wy stoarje stil de berch del nei al dy hierspjeldbochten
dy printsje wy foar iivich yn ús kop
Dan sjitte wy as fûgels yn dûkflecht yn de djipte
de bochten raze as in film foarby
It rûzjen fan de wyn boppe it sjongen fan de tsjillen
wy remje op it lêtste … en lit′ ús fyts wer frij
© Yeb Boersma