(500 miles – The Proclaimers / Charlie & Craig Reid)

Wurd ik wekker, no dan bin ik stommegraach
stommegraach de man dy’t wekker wurdt nêst dy
As ik fuort gean, no dan bin ik stommegraach
stommegraach de man dy’t fuortgean sil mei dy
Wurd ik dronken, no dan bin ik stommegraach
stommegraach de man dy’t dronken wurdt mei dy
Praat ik wartaal, no dan bin ik grif de man
dan bin ik grif de man dy’t wartaal praat tsjin dy

Kearsang:
Ik rin foar dy it Jabikspaad
nei Santiago op en del
Dan bin ik de man dy’t kilometers rint
en del falt foar dyn doar

As ik wurkje, no dan bin ik aanst de man
dan bin ik aanst de man dy’t bealgje sil foar dy
En de sinten dy’t dat hurde wurkjen opsmyt
no dy jou ik op wat stuorkes nei oan dy
As ik thús kom (as ik thús kom) no dan bin ik aanst de man
dan bin ik aanst de man dy’t thús komt by dy
En as ik âld wurd, no dan bin ik grif de man
dan bin ik grif de man dy’t âlder wurdt mei dy

Kearsang:
Ik rin foar dy it Jabikspaad
nei Santiago op en del
Dan bin ik de man dy’t kilometers rint
en del falt foar dyn doar
Kilometers (kilometers), kilometers (kilometers)
kilometers oant ik del fal foar dyn doar
Kilometers (kilometers), kilometers (kilometers)
kilometers oant ik del fal foar dyn doar

Bin ik iensum, no dan stiet it fuort al fêst
dan bin ik wis en wrachtich iensum sûnder dy
Mocht ik dreame, dan wit ik fuortdaliks al
dan komme der gjin dreamen sûnder dy foarby
As ik út gean (as ik út gean), no dan bin ik wis de man
dy’t in jûntsje op de flitter giet mei dy
As ik thús kom, no dan bin ik wis de man
dan bin ik wis de man dy’t thús komt mei dy
dan bin ik wis de man dy’t thús komt … mei dy

© Yeb Boersma