(That look you gave that guy – Eels / comp. Mark Everett)
Ik hie nea tocht myn tinzen priis te jaan
mar lang om let bin ik by steat
ik sjoch dy mei dy frou, dyn eagen blier
wylst sy grutsk njonken dy flaneart
Kearsang:
Dyn eachopslach nei har dy wol ik sjen
mar rjochte lyk op my
en wie ik dan dy frou yn stee fan my
dan liet ik dy nea gean
It liket hieltyd datsto heger klimst
It giet dy better elke dei
Ik fal yn sliep en dream de hiele nacht
Dat ik dy folgje op dyn wei
Kearsang
Ik bin by lange net wat ik wêze wol
Ik stel neat foar, ’t is al te wier
Haw brek oan styl en bin fan leech komôf
Myn kânsen rikke net sa fier
Kearsang
Ik hie nea tocht myn tinzen priis te jaan
úteinliks jou ik se in stim
want hast do by gefal dyn nocht fan har
wit dat ik stommegraach har plak yn nim
Kearsang
© Yeb Boersma