The eyes of Jenny – Sandy Coast

Jenny wie noch mar njoggen jier
Buorfamke fan myn omke Pier
Sy wie in pronkje – krekt sa’t sy wie
Sy wie in prachtige lyts-faam
Lokkichste berntsje fan de wrâld
Sy wie in pronkje – krekt sa’t sy wie

Hij gong de Jouwer út en hij waard in man
hij tocht wier, ik sjoch har nea wer werom
En hij wie har namme hielendal al kwyt
Mar op in jûne yn de discotheek
Dêr stapte se de foardoar sa yn
En sy krûpte yn syn hert en yn syn siel

Ik kin wier wol tûzen jier foarút as-ik-de eagen sjoch fan Jenny
Fielt as ik sile sil nei in oar plak, in oare tiid
Der is neat gjin soarch, der is gjin angst as-ik-de eagen sjoch fan Jenny
Dy eagen nimm’ my mei en ik wit dat ik dêr rêst en frede fyn.

Sy sei dat se fiif-en-tweintich wie
en al wat striid en tsjinslach hie
Sy wie in pronkje – krekt sa’t sy wie
’t is net de grutte, net de kleur
Mar yn dy eagen glimt de fleur
Makket har prachtig – krekt sa’t sy wie

Hij gong de Jouwer út en hij waard in man
hij tocht wier, ik sjoch har nea wer werom
En hij rakket no har namme nea wer kwyt
Want op in jûne yn de discotheek
Dêr stapte sy syn libben wer yn
En sy krûpte yn syn hert en yn syn siel

Ik kin wier wol tûzen jier foarút as-ik-de eagen sjoch fan Jenny
Fielt as ik sile sil nei in oar plak, in oare tiid
Der is neat gjin soarch, der is gjin angst as-ik-de eagen sjoch fan Jenny
Dy eagen nimm’ my mei en ik wit dat ik dêr rêst en frede fyn.

© Tea Osinga – v/d Zee