(Pourquoi m’aimes-tu pas? – Jesse Winchester)
Ik haw in fleanbrevet fan ’e simulatorjet mar flean net mei myn eagen fan min acht Myn Jaguar rint as in klok, mar ik krij him net út ’t hok myn keppel pitbulls hâldt de wacht Ik haw ’im rêden fan de sloop dêr sjochst syn periskoop Dêr leit myn ûnderseeër foar de wâl Se haw’ in stevich bonkerak binne nuet en sadelmak myn Trojaanske hynders yn de stal Kearsang: Net ien dy hat sok ark as my Ik jou myn rykdom ek oan dy as ik yn ruil dyn leafde kry Wêrom hâldst do net fan my Brêge: Tryst, oh tryst Wat is it libben bryk ûnbidich ryk mar net dryst, nee net dryst Myn buorkerette yn Skipsleat hat in sauna oan de feart mar ik doar net neaken troch de tún Myn hiteloftballon kaam del yn wiet beton by it útbikjen gong de boel oan pún Kearsang Brêge Myn kelder fol exquise wyn wâdzj’ ik oan ’t de knibbels yn De kjiftkrobbe friet de fetten lek By myn Switsers berchchalet is de opreed steil en glêd Dêr glied myn Harley dwers troch ’t stek Kearsang © Yeb Boersma |