(Another cup of coffee – Mike Rutherford/Christopher Neill)
Mike & the Mechanics
En se slacht mar wer in side fan har boek om en har each dwaalt oer de plakken op ‘t behang As mei ’t skimer ek de stilte oer it hûs falt oh, dan makket it weromsjen har sa bang Se hat altyd sa har bêst dien him te flaaien wylts dat hy him fan har triennen neat oanluts Se lei op har knibbels om him fêst te hâlden Altyd wist er dat hy ienris mei har bruts Kearsang: Wêr bin’dyn freonen, wêr dyn berntsjes is dit dyn hûs, bist do hjir thús Is der dan neat dat iivich duorret Draacht elkenien it selde krús En hy skuort de sakenlabels fan syn koffer en hy pakt de diggels fan syn libben yn Wol dan elk dy’t him leaf hat him ek feroarje is dyn faam as frou foar dyn eigenens sa blyn En se slacht mar wer in side fan har boek om In ljochte smet bliuwt fan syn foto’s op ’t behang Tusken leafd’ en hekel rint in tinne skieding de fertizing yn weromsjen duorret lang Kearsang Jou net op, sjoch net werom slaan in oare side om (4 x) © Yeb Boersma |