(wize : Mama don′t – JJ Cale)

Kearsang:
Kliuw de boech dwers troch de weagen
Roas fan Prinsenhôf
Lavearje mei it skom foar eagen
Roas fan Prinsenhôf

Lit de flagge falle, lit de seilen bolle
It swurd djip yn it wetter, dat sylt noch folle better
Krijt de wyn in flauwte, dan mije wy de smoute
Lûk de skoaten strak en maal net om in wiet pak klean

Kearsang

ús fok pakt elke pûster, dit skipke is in oester
yn de oan-de-wynse rakken, bin’ wy net te pakken
Hear dy lju ris skellen dat wy de tonne hellen
Se loeve fierste traach op en moatte noch oerstaach
troch de wyn

Kearsang

Hear it brûzjen yn de warring, de mêst stiet skelf fan spanning
Dit naait der út as âld fet, skever kinne wy net gean

Kearsang:
Priuw it swiet fan skûtsjesilen
Roas fan Prinsenhôf
Sjong it liet fan triomfdwilen
Roas fan Prinsenhôf (4 x)

© Yeb Boersma