(When will I be loved – Phil Everly)
Ik bin ôfwiisd
Ik bin útgniisd
Bliuwt it leafde fan ien kant
Ik bin fuortskaaid
Ik bin ôftaaid
Bliuwt it leafde fan ien kant
Springt by my in fonk oer
hoopje ik op mear
brekt sy wer myn hert midstwa
dat bart my kear op kear
Bin faak stomp rûn
de doar ticht fûn
Bliuwt it leafde fan ien kant
Springt by my in fonk oer
hoopje ik op mear
brekt sy wer myn hert midstwa
dat bart my kear op kear
Ik bin ôfwiisd
Ik bin útgniisd
Bliuwt it leafde fan ien kant
bliuwt it leafde fan ien kant
bliuwt it leafde fan ien kant
© 2010/Yeb Boersma