(By the time – Malo, Miller, Hanna / Mavericks)
By de tiid dat it ôfskie kaam
doe hiest do dyn beslút al lang naam
it ferline fuortskaaid, yn ien streek alles fuort
alle goeds mei it kwea dwerstroch skuord
Al dy jûnen by ljochtmoanneskyn
op ús smûke terras mei in glês reade wyn
Neat gjin soarch oan de kop, fan ús wie de nacht
en de leafde ûnder stjerrepracht
Ik rêd my bêst, want tiid giet foarby, dei nei dei
Foar my bliuwt der inkeld mar spyt
niks gjin goed of ferkeard en neat gjin ferwyt
It is in útmakke saak en ús tiid fan geniet
raant ta oantinkens, bitterswiet
Ik rêd my bêst, want tiid giet foarby, dei nei dei
By de tiid dat it ôfskie kaam
doe hiest do dyn beslút al lang naam
gjin paad mear werom, gjin twadde kâns
Gjin omkear yn ‘t sicht by de tiid
dat dyn ôfskie kaam
dyn ôfskie kaam (3 x)
© 2009/Yeb Boersma