(wize : Rolling – Randy Newman)

Hoog Catherijne op in sneontemoarn
In jachtich famke, spjochtich as in mûs,
freget wat jild foar de trein nei Culemborg
se wol sa graach nei hûs

Se springt hin’ en wer as ik wat freegje wol
Har maat stiet wat fierder op ‘e loer
Se wol nei har âlde lju, se spuit de wurden hast út
In kaartsje is net djoer

Kearsang:
Famke, famke, dyn libben is in bange nacht
famke, famke, altyd om wat jild op jacht

Se sjocht fûl lans my hinne, mar har each rikt net fier
Se is bang dat it triljen begjint
Ik skodzje de holle en ik laitsje har út
“Ik jou foar dyn leagens gjin sint”

Kearsang

Tsien minuten letter sjit se wer op my ta
wylts de rein út har hier wei lekt
Se sist “do rotfint” as se sjocht wa’t ik bin
en sa fiel ik my krekt

Brêge:
Se draaft nei har maat en freget al wer in oar
wat jaan of neat jaan, wat hat it foar doel
Se sit op dearinnend spoar

Kearsang:
Famke, famke, dyn libben is in bange nacht
famke, famke, altyd om wat jild op jacht
Famke, famke, dyn libben is in bange nacht
famke, famke, de heroïne hat dy yn ‘e macht

© Yeb Boersma
(dit is in wier bard ferhaal)