(Propinquity – Michael Nesmith)

It nijs datst do werom bist,
dat rint as diggelfjoer
Yn kroegen en op strjitte
rakket elkenien oerstjoer

De riedsels dy’st do efter lietst,
dy blaast nij libben yn
Men flústert op in skerpe toan,
rabberij driuwt op ‘e wyn

Dyn trêd is licht, dyn blik is blier,
do hâldst it krop noch heech
Hast it fel sândûbeld foar de kop
en bist faaks staf en steech

It skaad dat dy foarút giet
set dy yn it skerpe ljocht
Dyn glimkjen liket drôchbewiis
foar it andert dat elk socht

Brêge:
Elkenien hat blyn op dy fearn,
elk hie dy op in fuotstik stean
Mar de grize rint jin no oer de lea,
Bist de blanke siel of bist do it kwea

Is dyn ûnskuld wier gjin leagen,
wurdt it hert dy net ris kjel
Is reboelje faaks dyn stil geniet,
sjochst do op ús twaspjalt del

Wy wolle sa graach leauwe
datst do falsk besmodze bist
De wierheid komt pas foar it ljocht
as’t de wale falle litst

Herhelje fanôf brêge.

© 2009/Yeb Boersma