(Blue eyes crying in the rain – Fred Rose)

Dêr´t dei en nacht in falske glâns ha
fielt elk glimke as in twang
As de neongloed opljochtet
blinke triennen op har wang

Kearsang:
Leafde hat in soad gesichten
Soms hiel suver, soms ek wreed
Goed en kwea sykje lykwicht op in richel
Wa slacht winst út wa syn need

As neonljocht syn glâns ferlern hat
set er gau de stap deryn
Syn gleone gloed waard klamme skamte
wie hy foar har triennen blyn

Kearsang

© Yeb Boersma