(Blues stay away from me – trad.)
Fertriet, gean oan myn doar foarby
Fertriet, klopje net oan by my
Want wêrom
litst do my net fry
Leafde is foar my net rij
Leafde ‘s net ornearre foar my
Ek al rik ik fier
ik kom der noait tichtby
Libben, in misèrepaad
snypsels leafde, wiid ferspraad
In dream ferfljocht,
folt it oantinkenslaad
Triennen dimje my it sicht
jierren fleane as in skicht
Tiid ferrint
en slacht mear doarren ticht
Fertriet, gean oan myn doar foarby
Fertriet, klopje net oan by my
Want wêrom
litst do my net fry
© Yeb Boersma