(wize: We’re stil here – Venice / comp. John Vester)

Krysttiid is in feest fan hoop
op frede ûnder minsken
East en West en Noard en Súd
sprekke fromme winsken
Kearsen brâne as gebaar
foar in wrâld sûnder gefaar

Fredesfjoer
dyn flam rikt fier
Fredesfjoer
brân hiel it jier

Wite dowen lit men los
hoe faak bin’dy útflein
Wite flaggen stekt men út
wapens wurde del lein
Mar it jier is net foarbij
of der is wer fjochterij

Fredesfjoer
dyn flam rikt fier
Fredesfjoer
brân hiel it jier

Fredesfjoer
dyn flam rikt fier
Fredesfjoer
brân hiel it jier

© Yeb Boersma