(wize : Make you feel my love – Bob Dylan)

As de sinne mar net ûndergiet
wylst de moanne fol te glimkjen stiet
de ljurk de stjerren siket mei syn liet
strykt húver oer jins hûd

De weagen rôlje net werom nei see
de fûgels fleane net mear fan it stee
natoer leit lopers út yn brede swee
as men ien glimp fangt fan dy

Brêge:
Elke klok dy hâldt de wizers stil
Elk merkt it lúnjen fan de wyn
It kompas draait rûn as in topjend tsjil
De wrâld hâldt ril de siken yn

Alle minsken wurde skrillich kjel
grutte swetsers bêdzje dimmen del
Elkenien krijt einepikefel
As men ien glimp sjocht fan dy

Brêge:
It koarn dat wiuwt dy ta en bûget djip
in tekken mei in gielgouden gloed
grutsk riizje beammen as in boech fan ´t skip
biede skaad en lijte oan har foet

De wrâld dy fliemt en dy flaait mei dy
Elk set it moaiste túch en seilen by
Elkenien dy is mei lof sa rij
As men ien glimp sjocht fan dy

© 2009/Yeb Boersma