(Lucky one – Alison Krauss)

Do bist in mazzelkont, sa is my sein
trefst altyd de sinne en noait de rein
Elk hat dy leaf, dy hatet net ien
Mei de wyn yn de rêch bist altyd foarút gien
Gjin soarch oan dyn kop, gjin noed yn’t sicht
It libben dat falt dy och sa licht, do bist in mazzelkont

Do bist in mazzelkont, dy’t altyd wille hat
Do jonglearst mei it lok en komst gjin hân te koart
Do besjochst de wrâld mei in brede gniis
en de pleagen fan de duvel binne dy gjin griis
jou dy in liet en ‘n skar’l foar ien nacht
dan sjogge wy in lokkich man, do bist in mazzelkont

Kearsang:
Dy treft gjin lek of brek
Do kinst blynseach dyn paad útkieze
It ien na bêste ding
nei spylje en winne is boartlik ferlieze

Do bist in mazzelkont, lok nimt gjin kear
Freegje net wêrom, hoe, wêr, wannear
Do besjochst de wrâld mei in brede gniis
En de pleagen fan de duvel binne dy gjin griis
Jou dy in liet en ‘n skar’l foar ien nacht
Dan sjogge wy in lokkich man, do bist in mazzelkont

Dy treft gjin lek of brek
Do kinst blynseach dyn paad útkieze
It ien na bêste ding
nei spylje en winne is boartlik ferlieze

Do bist in mazzelkont, lok nimt gjin kear
Freegje net wêrom, hoe, wêr, wannear
’t makket net ut wêr’st do bist of giest
It is wis dat it lok dy altyd kiest
Jou dy in liet en ’n skar’l foar ien nacht
Dan sjogge wy in lokkich man, do bist in mazzelkont

© 2008/Yeb Boersma