(Nothing but a breeze – Jesse Winchester)
Foar guon lju is it libben tergjend lang
in oar dy fynt it fierste koart
De ien swart by de smaak fan in Beerenburg
in oar nimt kofje, sterk en swart
No bin ik mear de man dy’ it midden hâldt
ik gean te seil op gefoel en ferstân
Ik mei wol oer de drokte fan Amsterdam
en de rêst fan in Waadeilân
Ik sit faak yn it túntsje fan ús rychjeswent
dêr’t ik de buorlju net fan namme kin
De frou soe graach ferfarre nei in moaier plak
dêr’t de húzen net krekt gelyk bin’
Se seit : “bring my nei in plak dêr’t mear sinne is,
ek al wit ik sa net wêr yn it lân
earne by in bosk mei in iepen fjild
en tichteby see en strân”
Kearsang:
Ik ha altyd dien krekt wat my it beste lei
It libben is oars neat as in twirre by de simmerdei
Der komt in tiid dat ik in âld pake bin
de froulju sizze dan “menear”
Sa’t se no noch freegje hoe’t it giet
freget elk dan hoe’t it wie alear
No kin it my neat skele âld en griis te wurden
as’t do de beppe oan myn side bist
Ik stel my foar dat ik dy thee mei koekjes bring
as’t yn it skaad fan de parrebeam sitst
Kearsang
Foar guon lju is it libben tergjend lang
In oar dy fynt it fierste koart
© Yeb Boersma