(Happy Xmas, war is over – John Lennon)

Dus no is it Krysttiid en wat ha wy dien
in nij jier dat oanbrekt, in jier foarby gien
Dus no is it Krysttiid, ’t is feest yn ‘e wrâld
foar neisten en freonen, foar jong en foar âld

Kearsang:
In sillige Krysttiid en in lokkich nij jier
mei hoop op in takomst sûnder getsier

Dus no is it Krysttiid
foar sterk en foar swak
Foar earmen en riken
jou de frede syn plak

En dus lokkich Krystfeest
foar swart en foar wyt
foar gielen en readen
is de wrâld it spoar kwyt?

Kearsang

Dus no is it Krysttiid
en wat ha wy dien
In nij jier dat oanbrekt
in jier foarby gien

Dus no is it Krysttiid
’t is feest yn ‘e wrâld
foar neisten en freonen
foar jong en foar âld

Kearsang

noait wer oarloch, as wy wolle
ban de oarloch út

© Yeb Boersma