(One way wind – Cats)
Ik tocht in oar syn gers is griener
lok leit efter in fiere kjim
en ik toarke fier fan hûs of
dreaun troch in ynerlike stim
Altyd folge ik in dwaalspoar
dat my op ‘e doele brocht
Myn kompas stie hieltyd briker
as ik út ûnmacht leafde socht
Kearsang:
Sjende blyn, ik wie sjende blyn
seach de pearel net yn de skelp flakby
Sjende blyn, ik wie sjende blyn
ik hie sa lang gjin each foar dy
stadichoan lûkt de dize no fuort
want do hast my de blyndoek ôfskuord
As in blom dy’t by ‘t hjerst opnij bloeit
is my in twadde libben jûn
Krekt as haw ik oer de hage
no in Hof fan Eden fûn
Ik kin myn ûnrêst no bedimje
ik wol ankerje by dy
Wat ik fergees fierôf neijage
is oppenearre tichtebyKearsang
© Yeb Boersma