(tekst & muzyk Yeb Boersma)

Guozzen wjukje yn in kloft
lâns in wite stapelwolk
De pier winkt as de earm fan ’t lân
nei it doarmjend fiskersfolk
Yn wat rûge streken fan ’t pinsiel
leit dêr oan de noarderkjim
in eilân mei in dúnentúf
as in slommerjende skim

Kearsang:
Dit is it eilân fan myn jonkheid
myn lytse eigen wrâld
Dy′t – wêr’t de wyn myn skip ek bringt –
syn plak yn it hert behâldt
Dêr’t it struiljocht bondels sulver tsjoent
boppe see en dún en strân
Eilân fan myn dreamen
Ik hâld fan dy, myn prachtich Skylgerlân

Skippen sette kriskras seil
oer it sulver bylkjend waad
In seehûn slûget loom mar waaks
op in droege, hege plaat
Kwelders driuwe op ‘e kjim
triljend yn de waarme wyn
Pûstend set in skip him skrep
tsjin it tij en streaming yn

Kearsang

Fûgels tripje oer it strân
lâns de stripe fan de floed
De sinne sakket yn de see
mei in poarperreade gloed
De see dy núndert sêft syn liet
oer in hast ûneindich strân
Op bleate fuotten fielt men noch
de gloed fan it waarme sân

Kearsang

© Yeb Boersma