(I’ll have to say I love you in a song – Jim Croce)

Ja, ik wit it is al let
ik wol dy eins net stoare
Mar langer wachtsje kin ik net
ik moat dy wat bekenne
Elke kear as de tiid wer ryp is
reitsje ik wer fan ‘e tried
dat ik sis no “ik bin sljocht op dy” yn in liet

Ja, ik wit dat it nuver klinkt
mar as ik yn dyn buert bin
Dan stammerje ik sa bot
dan bliuwe wurden stûkjen
Elke kear as ik ticht by dy kom
reitsje ik wer fan ‘e tried
dat ik sis no “ik bin sljocht op dy” yn in liet

Instrumentaal
Elke kear as de tiid wer ryp is
reitsje ik wer fan de tried

© Yeb Boersma