(Sylvia’s mother – Dr. Hook – Shel Silverstein)
Sylvia’s mem dy seit, Sylvia hat it drok
te drok om te beljen mei dy
Sylvia’s mem dy seit, Sylvia’s libben
begjint fanôf hjoed op ‘e nij
Sylvia’s mem dy seit, Sylvia ’s lokkich
dus lit do har asjebleaft frij
Har mobyltsje stiet út, har Facebook leit plat
en de mail komt retour
Toe no, frou Doatinga, jou my no Sylvia
ik hâld har net lang oan de praat
Toe no, frou Doatinga, ik sis allinne farwol
Sylvia’s mem dy seit, Sylvia pakt no yn
want se giet hjoed noch op reis
Sylvia’s mem dy seit, Sylvia trout aanst
in âld flam út VWO seis
Sylvia’s mem dy seit, se gûlt as se dy heart
dan keart se miskien ûnderweis
Har mobyltsje stiet út, har Facebook leit plat
en de mail komt retour
Toe no, frou Doatinga, jou my no Sylvia
ik hâld har net lang oan de praat
Toe no, frou Doatinga, ik sis allinne farwol
Sylvia’s mem dy seit, Sylvia hat haast
se nimt aanst de tsien oere trein
Sylvia’s mem dy seit pak earst in paraplu
want faam der komt daliks rein
En Sylvia’s mem dy seit, tank foar it beljen
menear ús petear is oan d’ ein
Har mobyltsje is út, har Facebook leit plat
en de mail komt retour
Toe no, frou Doatinga, jou my no Sylvia
ik hâld har net lang oan de praat
Toe no, frou Doatinga, ik sis allinne farwol
Sis har farwol, toe, sis har farwol
© Yeb Boersma