(tekst en muzyk Yeb Boersma)

De Route du Soleil trillet weak yn de hjitte
it asfalt dat spegelet yn it gleonhite lân
De Boufak-Armada dy komt my yn ‘e mjitte
gyssen op paad nei in camping of strân

It bloed begjint te jaaien, myn truck krûpt omheech
myn sin daalt ûnder nul, ik sjoch it libben sa swart
Kin myn sinnen net fersette, myn wrâld liket leech
Ik wol witte wat der efter myn foardoar bart

Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik kin dit net langer ferneare
Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik wit net watsto dochst, ik wit net wa’sto sjochst
bin ik eins wol wis fan dy

It heucht my noch goed hoe ’t wy by inoar kamen
do wiest mei in oar dêr mar glimkest nei my
Doe’t wy nei in dounske in efterdoar namen
wie dyn leafde foar him op dat stuit al foarby

Komst no yn in kroech, leit yn dyn eagen dy glâns wer
De manlju skrikke op, God, ik merk soks sa skerp
Do litst se wat tierje, se krije gjin kâns dêr
mar strúne om dy hinne as miggen om ‘e sjerp

Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik kin dit net langer ferneare
Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik wit net watsto dochst, ik wit net wa’sto sjochst
bin ik eins wol wis fan dy

(Brêge)
Gean ik wer op reis dan flústersto: “ik bliuw dy trou”
myn twifel groeit al by de earste bocht, giesto net mei oaren op sjouw
Ús soan is hast fiif, ik bin grutsk op it fintsje,
blier en ûndogens, yn him sjoch ik dy
Ik sjoch faak nei it dashboard, dêr hinget syn printsje
Op mominten tink ik: hy hat wier neat fan my

En kom ik dan thús, is alles krektengelyk bleaun
Do sitst op de bank, oan dyn fuotten de kat
Mat ik priuw de spanning, dy is daliks net fuortdreaun
’t is krekt oft de foardoar skuldich trillet yn it slot

Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik kin dit net langer ferneare
Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik wit net watsto dochst, ik wit net wa’sto sjochst
bin ik eins wol wis fan dy

Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik kin dit net langer ferneare
Wachtsje op my, wachtsje op my
Ik wit net watsto dochst, ik wit net wa’sto sjochst
bin ik eins wol wis fan dy

© Yeb Boersma