(tekst: Harmen Houtman /
musyk : Gert Heeringa & Aukje Steeman)
Yn it tjuster hear ik dy, wurdjes dy’t ik net ferstean
dy’t oer tûzen grinzen gean
Ik bin sa bliid, do bist by my
Ik begryp dyn wurden net út dyn ûnbekind begjin
mar as ik net sliepe kin, fiel ik dyn wurden yn myn hert
Kearsang:
Bern my ienris tabetroud út in wrâld dy’t ûndergong
foar my wie dyn earste stap daliks al in grutte sprong
Bern dyn widze stie hjir net, mar dyn tinzen bin’ by ús
Dêr dyn woartels, hjir dyn bêd, wy jouw’ dy in âldershûs
Op it skoalplein boartest do krekt lyk as de oare bern
Der is neat oan dy te sjen, wêrom soargen meitsje no
mar myn earen hearre hjir en dêr in hurde flok
gund wurdt net dyn deistich lok
oergeunst fan in mâle gek
Kearsang
Do kaamst út dat waarme lân, och sa skraal en sûnder klean
Ek al wolst graach mei ús gean, der bliuwt dochs dy fiere bân
Fragen oer dyn poppetiid, it tehûs, it doarp en sa
Dêr’t ik gjin antwurd faak op ha, mei dat al bliuwst tige bliid
Kearsang
Bern op echte Fryske grûn, soms waait mei in súdewyn) 2x
’t waarme sân dyn skuontsjes yn, oars hiest dêr altyd rûn)